Posts Tagged ‘West 70’

Pake Frâns

Monday, August 6th, 2012

Pake Frâns,

Elts minske is unyk, en net in minske mei fergetten wurde…
Pake Oer de Batte, oan de oare kant fan de sleat, wat al jierren gjin sleat mear wie. De batte haw ik nea sjoen, mar de namme wie der no ien kear. Ik wie in mântsje en Pake en Beppe wennen neist ús. Beppe stoar doe’t ik 10 wie. In swier gemis. It hat my lang rekke. Pake bleaun oer, mar hie in soad oanrin. Fan familje, fan freonen, fan ús freonen. Pake koe mei elts en ien goed. En koe der net mei dy, dan hiest it sels goed bedoan. Hoechst nea by my oan te kommen dat it oan Pake lei… dermei kinst my lulk meitsje. Pake wie boer, alteast, wie boer by de graasje fan myn heit. Heit hie de bisten by Pake yn it hok. At it finansjeel út koe is de fraach, mar in antwurd is nea op de fraach socht. Pake hie syn bisten en hie wat om hannen. Pake súnder de bisten, kaam net foar, dat hie soarge dat Pake 10 jier earder stoarn wie. Bin ik wis fan. Moarns 7 oere wie Pake op de stal. De lampen giene oan yn de stâl. It teken dat Pake alwer oan it wurk wie. De bisten fuorje. In âld Hollanske stal. De bisten stiene fest. It foerpaad yn ‘e midden. Oan beide kanten de kij. Blokken kuil joegen it wurklike midden fan de stâl oan. Moarns earst biks mei pulp en dernei kuil. Drinkbakken troch de hiele stal. En leidingen fan de âlde molkmasjiene. Mar dy waard net mear brûkt. Nei it fourjen de stront efter de kij wei feegje. En de bisten joegen mei kâlm lûd oan dat se tige tefreden wiene. De reuk fan de stâl, joech deselfde kâlmte oan de minsk as oan de bisten. It wie der goed. In waarm plakje yn de winter, der hiest gjin kachel foar needich. Dat gefoel, dat soe ik in libben lang hâlde wolle.

Júns, at it winters alwer betiid donker waard, wie it ljocht oan yn Pake’s stâl. At ik dan thús kaam, as klear wie mei it fuorjen fan de bargen, dan rún ik noch efkes by Pake oan. Efkes helpe at der noch net klear wie, as in praatsje yn de stâl. Dat wiene guon fan de moaie mominten fan myn jeugd.

Júns wie der altiid oanrin by Pake. Yn de simmer en de winter. Bêrn en lytsbêrn kaamen del. Mar ek de fruolju dy’t by ús op de hynders riden, kaamen der graach. Kaamst binnen troch it lytse doarke oan de sydkant fan it hûs. De foardoar waard net brûkt. Der stie in molkbus foar at ik it my goed herinnerje. Kaamst binnen yn de lytse keuken. Dy keuken is der noch, allinich brûk ik it no. It opstapke op, nei it lytse keamerke. De smûke keamer, wer de kachel it winterdeis swier boppe de 20 graad hie. De gaskachel dy’t oranje brânde. De fjouwerkante tafel. Mei de stuollen mei de brúne sitting. Pake op de griene stoel, it oersicht hâldend oer it lytse keamerke en de wrâld bûten. Achter him op eachhichte de medaillekast. De kast hinget hjoeddedei nog op itselde plak, mei deselde medailles. Krekt as is der neat feroare. Ast oan de kant fan de dyk oan de tafel sitte woest, moast dy lyts meitsje. Dêr wie net folle plak. De kast stie oan de kant fan Bûtenpost. Der stie de radio op, wer’t snein de preek op te hearren wie fan de grifformearde tsjerke fan Bûtenpost. Domnee krieg sa de preek troch op West 70. De tillefiesje stie dernjonken. Ast simmerdeis bûten wiest en Pake siet foar it kastje, dan koest it wurdlik ferstean, sa lúd stie der. Pake waard wat doaf. Get the Picture en Lingo, der sech Pake nei. En it journaal fansels.

Pake wie altiid op de hichte. Fan alles. Somtiden hurder as dat ik it wist. Mar Pake hie yn die tiid gjin social media. Hy hie allemachtig folle oanrin en wist dertroch alles. De krante waard eltste dei lêzen. Tegearre mei myn heit en mem waard de krante dielt. Hy kaam earst by Pake en ien fan ús helle de krante dan by Pake wei. In goed ekskús om efkes in praatsje te meitsjen.

Pake hie gjin rydbewys. Kaam eins net fan de pôle. De kearen dat ik him op ien fan ûs trekkers sjoen haw binne liuw ik op 1 hân te tellen. De kearen dat der wol fan it hiem kaam, wie foar in begraffenis as trouwerij. As foar in besyk oan tante Jinke. Dan kaam de pronk oan en de strik foar. Oars wie it de pakepet en de boerekiel, mei de learzens derúnder, mar meastentiids gewoan de giele klompen. Sa machtig gewoan. En altiid sa bleaun.

Simmerdeis rûnen de kij gewoan bûtendoar. Achter de bourkerij lei in tal búnder lân. Fuort achter de bourkerij wie plak makke foar de kûlebulten. Der stiene ek earne wat krúsbesstrúken en strinkjebeien. As lyts mantsje wiene we der faaks te fynen yn de simmer. Koest der altiid sêd weikomme. Túsken it hiem fan pake en ús stie ek in wichterbeam. Mei neef Sjoerd hongen we yn de beam, sjen wa at de measte pitten sammelje koe yn de mûle.

De kij waarden moarns nei it melken nei bûten set en tsjin de júntiid waarden se binnen helle foar it melken. Tegaerre mei Pake bin ik faaks mei west om de bisten op te heljen. Tegearre oer de reed, mei de grútte ikebeammen op de dykswâl. Der rúnen we beide en hiene macht oer de kij. Ik mei myn lytste bêrnehântsjes yn de knoesten fan Pake. De grauwe hânnen mei in ieltlaach fan wol in sentimeter dik. Frjemd, mar sa lyts at ik wie, haw ik faaks tocht, at ik letter âld bin, soe ik dan ek wer oan dizze mominten tinke? En ik moat sizze, eltse kear at ik troch it lân kom, lâns de grutte ikebeammen, tink ik eltse kear oan Pake. Myn Pake, Pake Frâns!